Eelke Bosma: ‘Kom net oan Sint Piter!’

Miskien hawwe jo him wol ris stean sjoen by it útswaaien fan Sint Piter; oan de ein fan de Hellingshaven, de eagen wat wetterich en fûleindich swaaiend oant de boat net mear te sjen is.

‘Ik wurd der altyd wat emosjoneel fan as er wer fuortgiet. Dat komt grif om’t ik my as bern al-tyd ôffrege ha wêr’t  Sinterklaas dochs bleau’. Oan it wurd is Eelke Bosma, ferline jier huldige om't er mar leafst 30 jier yn it spier wie foar it Sint Piter barren. De man dy’t hikke en tein is yn Snits, nei de Kweekskoalle gie yn It Hearrenfean, dêrnei yn tsjinst moast en doe syn dream, dy’t er as lyts jonkje fan acht jier al hie, wiermeitsje koe: master wurde.

Te begjinnen yn Tytsjerk. In pear jier letter waard er haad fan de skoalle yn Midlum en wer seis jier letter kaam er yn 1985 as direkteur fan de Master Wielsmaskoalle yn Grou. It Sint Piter barren koe er allinne fan de foto dy’t elk jier yn de Ljouwerter Krante ferskynde wêrnei hy dan altyd tsjin syn frou Annie sei: ‘dy Grousters binne  hartstikke gek!’.

Tusken de fitraazjes

Mar sa as it alle learkrêften destiids fergie: by it sollisitaasjepetear dêr’t al frege waard as jo wol wat toanielspylje koene en ferwachte dat jo meidiene oan it mearke. As direkteur fan in skoalle waarde jo ek automatysk lid fan it DB (deistich bestjoer) fan Sint Piter.

Seis jier hat er mei-spile yn it mearke, sa fertelt hy. ‘Dat gie doe noch hiel oars as hjoed de dei. As Sint Piter oankaam, stiene wy yn de opkeamer fan Hotel Oostergoo tusken de fitraazjes nei de oankomst te sjen en dêrnei kamen de bern binnen.

Wy spilen dy dei dan twa kear foar de bern. En dan noch in pear kear foar de folwoeksenen. Sint Piter gie de jûns ek alwer fuort. Hy wie der mar ien dei. Op in bepaald stuit is it feroare omdat it allegearre net mear yn ien dei te behappen wie. Doe ha wy as DB it beslút naam: hy komt de sneon foar de 21e oan en giet de 21e wer fuort.’ 

Fan spiler nei it ljocht
Hast alles (regy, ynstekker, lûd, ljocht ensf.) waard eartiids troch learkrêften dien. Sy  soargen der bygelyks ek foar dat it dekôr ferfierd waard nei Oostergoo ta. ‘Dat waard yn de loads oan de Rjochte Grou makke en dat hellen wy dan op. We hawwe it ek wolris oer it iis dien, mei sliden en sa; machtich!’

Eelke wie ek dekôropbouwer en op in bepaald momint koe er in kursus dwaan foar it ljocht. En hy wie ferkocht; wat wie dit moai!  Yn 1992 hat er foar it earst it ljocht  fersoarge foar it mearke. Mar it ljocht en lûd doe en no is in wrâld fan ferskil. ‘Krigest gjin kursus foar it mingpaniel mar moast it dysels probearje eigen te meitsjen. Ferline jier ha ik foar it earst mei ledferljochting wurke; wat fyn ik dat moai! Dan kinst fan swart nei wyt en alles der tuskenyn. Foarhinne barde it dat ik yn it skoft mei de trep binnen kaam om de kleurfilters oan te passen. Kleurfilters yn de mûle en dan omheech. Dat hoecht mei led net’ sa fertelt er.

Net tefolle eamelje

‘No is it allegearre mei kompjûters. Ik kin fan te foaren alles ynstelle. De sêne wurdt útljochte op it  momint dat ik him oantip en dan komt ie. Dan tip ik op ien, dan giet dy fuort en tip ik op twa foar de folgjende  sêne. Dat ha  ik  allegearre fan tefoaren útdoktere en foarprogrammearre. Mar as it net hielendal goed rint of de spilers slaan per ûngelok in sêne oer, dan moat ik dy sêne ek oerslaan. Kop derby dus! Ik kin ek noch hânmjittich yngripe as it moat. Ik sis altyd tsjin de spilers: ‘Tink derom: net tefolle eamelje, want ik set jim sa yn it tsjuster!’

No is hy santich; in moaie leeftiid om op te hâl-den? Dêr hat er efkes oan tocht. Mar dan sit er him op te fretten yn febrewaris. Nee, hy giet noch moai efkes troch. Want Sint Piter? Dy sit foar altyd yn syn hert.

Geke Bosma