Nije bestjoersleden Sint Piterkomitee

Nei mar leafst njoggen jier har Harold Kramer ôfskied naam fan it Sint Piterkomitee! Om't de taken fan de parsesjef de lêste jierren tige útwreide binne, is der in kommunikaasjekommisje gearstalt. Geke Bosma sil de taken fan dizze kommisje koördinearje. Ek Nynke Andela hat ôfskied naam; Jacob Visser hat har taken as ponghâlder oernaam. It Sint Piterkomitee bestiet no út de folgjende minsken:

Efterste rij (v.l.n.r.): Leida Hemstra (De Twa Fisken, koördinaasje skoallen & berneopfang); Annemieke Nijp (Nijdjipskoalle en Sint Pitermearke); Mathilde Heidema (sekretaris); Niels Andela (koördinaasje & feiligens); Sjoerdsje Andringa (BCG); Jacob Visser (ponghâlder); Linda Buwalda (koördinaasje oankomst en útswaaie); Peter van den Broek (foarsitter). Yn de skommelskou (v.l.n.r.): Romke de Jong (koördinaasje & feiligens); Marlou Entzinger (Sint Piterfroulju) en Geke Bosma (kommunikaasjekoördinator).