It Ferhaal 2018

It Sint Pitermearke 2018 "It lân fan neat"

It Lân fan Neat

Mar leafst sechstjin spilers sille ûnder regy fan Anja Steegstra 'It Lân fan Neat' foar it fuotljocht bringe. Yn it Lân fan Neat mei neat. Hielendal neat. De kening fan it lân, Kening Niksnakkesnada III regearret mei hurde hân. Der binne allegearre rigels: it folk mei net laitsje, net lûdop prate, de bern meie net boartsje of nei skoalle ta en de grutte minsken meie allinnich mar ite, sliepe en wurkje. De soan fan de kening, Prins Niksnakkesnada IV hat net folle nocht om syn heit op te folgjen. De kening hat syn frou de keninginne ek al fuortstjoerd om’t sy har net oan de rigels hâlde. Mar hoe as de prins ek besiket om syn heit ynsjen te litten dat it oars moat, it slagget net. It is mar in deade boel yn It Lân fan Neat…. Mar dat feroaret as de Deagewoane Dames út in Deagewoane Stêd mei harren nicht Lineke op kampearfakânsje binne en harren tinte opslaan yn It Lân fan Neat. It wurdt suver mar in gesellige boel! De Deagewoane Dames betinke in plan om It Lân fan Neat te feroarjen yn in Lân fan Al Wat. Mar as dat slagje sil………

Krekt as ferline jier sil muzikant Remko Hoitsma de spilers wer muzikaal begeliede. De spilersploech is ek dit jier wer ferrassend te neamen. Bekende gesichten fan ôfrûne jierren, in oantal âlde rotten yn it fak, mar ek wer nij, jong talint dy’t foar it earst meispylje sille!

De foarstellings binne fan freed 16 oant sneon 24 febrewaris jûns om 19.30 oere. Op woansdei 21 febrewaris is der in famyljefoarstelling om 14.30 oere.

Kaartsjes binne fan 3 febrewaris ôf te keap by Bruna Grou.