Pieter, Herman en Neeltje Anna

 

Pieter Engelsma yn aksje

Herman Tichelaar

Neeltje Anna mei Swarte Pyt

 

 

Pieter, Herman en Neeltje Anna; in kombi fan âlde en nije Grousters

Pieter hat mear as tsien jier lyn alris meidien oan it mearke, Herman makke ferline jier syn debút en as jo as nije Grouster, sa as Neeltje Anna, fuort al meidogge oan it mearke dan binne jo wol hiel goed yntegrearre!

Piter Engelsma
Ik bin yn Grou berne as soan fan de grienteboer.  Ik bin mei toaniel yn kontakt kaam troch Bonne Bruinsma, yndertiid by de Krite. Ik ha dêr ûnder oares pile mei (út it mearke fan no) de kening, twa fan de deagewoane dames en mei de regisseur fan it mearke fan dit jier.

Yn 2007 ha 'k meidien as kening Waldemar yn 'As de noardewyn gûlt'. Soan Thomas siet doe yn groep 8 fan de basisskoalle, dus dat wie prachtich. Ik bin der no troch neef Herman Tichelaar ynlutsen en ha dêr noch gjin sekonde spyt fan. Wol spitich dat Hans de iennichste learkrêft is dy’t meidocht. Ik fûn it as bern geweldich as myn eigen juf of master op' e planken stie.

Myn moaiste oantinkens oan Sint Piter binne de oankomst oer it iis (ik wit it jier net mear) en it ôfskied yn de loftballon.

Herman Tichelaar
Ik ben Herman Tichelaar, 26 jaar en woon al bijna mijn hele leven in Grou. Ik heb twee kleine uitstapjes gemaakt naar Curaçao en Leeuwarden, maar uiteindelijk ben ik toch weer teruggekeerd naar Grou. Vanaf mijn 15 tot mijn 21 heb ik in de Treemter gewerkt (misschien dat de mensen in Grou mij daarvan kennen).

It Lân fan Neat én Gabe Skroar yn 2018
Ik doe voor het tweede jaar mee met het Sint Piter mearke. Het aannemen van een andere rol vind ik altijd een mooie uitdaging. De gezelligheid in een groep en samenwerken tot aan de première van het mearke, vind ik superleuk! Daarnaast is acteren een grote hobby van mij. Ik ben zelf geen fantastische zanger - toon houden is al een hele klus op zich 😉 - maar gelukkig krijgen wij goede ondersteuning van Remko, Hilde en Atte.

Zoals ik al eerder vertelde, was vorig jaar mijn debuut bij het mearke. Dat vond ik zo fantastisch dat ik in 2018 twee stukken doe! In februari 2018 speel ik mee in het mearke en in de zomer van 2018 in het locatietheaterstuk Gabe Skroar, over het leven van de broers Halbertsma.  

Kippenvel 
Het mooiste moment van het Sint Piterfeest blijft elk jaar hetzelfde voor mij. Dat is de aankomst van Sint Piter en Swarte Pyt bij hotel Oostergoo. Dat het hele dorp uitloopt, de kinderen aan de kade en de spanning. Maar dan uiteindelijk de boot, waarop Sint Piter en Swarte Pyt voorop het dek staan; dat prachtige gezicht geeft mij stiekem altijd wel een beetje kippenvel!


Neeltje Anna van der Werf
Myn namme is Neeltje Anna van der Werf. Ik bin earne oars hikke en tein; ik bin nammentlik berne yn it sikehûs te Snits en opgroeid yn it pittoreske Warkum. Ik bin destiids nei Grou ta kaam foar de leafde, mar de measte minsken sillemy no ûnderwilens ek wol kenne fanút de kroech en de protte oare festiviteiten dy’t Grou te bieden hat!

Ik doch dit jier foar it earst mei oan it mearke, omdat toanielspyljen altyd al myn wille en tier west hat en ik it ferline jier sa’n bjusterbaarlik barren fûn! Ik tocht altyd dat ik spyljen aardiger fûn as sjongen, mar ik fernim dat ik it sjongen no dochs ek wol tige leuk begjin te finen! Mei namme de kombinaasje makket it machtich moai om te dwaan.

Toanielskoalle
Myn ambysje wie altyd om nei de middelbere skoalle nei de toanielskoalle ta te gean. Nei ferskate kearen audysje dien te hawwen, ha ik besletten om dramaterapy te studearjen, om’t myn ynteresse ek altyd al út gie nei de psychology efter de minske.

Ik haw meidien oan:

  • ‘De Rode Draad’ (rezjyprojekt ArtEZ, Hogeschool voor de Kunsten)
  • ‘Verlaten Paleis’ (Prateur 2013, Honigfabryk)
  • ‘Ik ben een Meeuw’ (Lindenberg, Huis voor de Kunsten)

Tút fan SwartePyt
Myn moaiste oantinken oan it Sint Piterfeest of -mearke is dat ik as nije ynwenner fan Grou ’n offisjele útnûging krige foar ’n foarpriuwke fan it mearke en dat ik doe ‘n tút krige fan Sint Piter syn helpke!