Anja Steegstra (rezjy)

 

 

Anja Steegstra

Anja Steegstra:

“Ik hoopje dat ‘myn’ master fan doe ek komt en dat ik dan noch ien kear in 8 fan him krij”

Ik bin in bern en sit yn in rumoerige seal fan Oostergoo te wachtsjen oan’t it doek mei in ratteljend lûd iepen giet.  En fan ôf dat momint waan ik my yn in oare wrâld.

De wrâld fan mearkes, fan keningen en keninginnen, prinzen en prinsessen en fan frjemde figueren sa as heksen en feeën en oar yslik folk dat yn’e regel foarby komt yn mearkes. 

Alle masters en juffen dogge mei en ik sit mei ferwûndering te sjen hoe oars as se no dogge en derút sjogge.  Allegear goed en wol dat master de Vries sa grappich docht en ek noch moai sjonge kin, mar ik kin myn gelok net op as HY it toaniel opstapt: “myn” eigen master Wiersma.

Dy koe wol it bêste sjonge, dûnsje en hij wie ek fier út de grappichste.  Och….it hat de ferearing fan in lyts famke foar har master west dat ik oaren no miskien wat te koart doch…….

Ik ha in hiele protte Sint Piter Mearkes sjoen: as bern, as lêbige puber (mar der stikum wol fan geniete), as mem en it stokje is wer trochjûn oan myn bern.  Noch even, en dan sit myn lytse beppesizzer yn de seal…..

Wa wit is myn leafde foar toaniel wol by it Sint Piter mearke ûntstien.  Doe koe ik fansels net witte dat ik letter sels ek hiel faak op it toaniel stean soe en ik koe doe hielendal noch net witte dat ik jierren letter,  de ear tabedield krige om it mearke te regissearren. En in ear, dat is it!

Tiden ha tiden, folle masters en juffen stean net mear op it toaniel. Mar wat ha we in moaie ploech spilers: nij talint en jonge minsken derby, en gelokkich dóchs noch in master en in juf. En net te ferjitten al de oare meiwurkers dy’t  achter de skermen sa harren bêst dogge. Ik genietsje elke sekonde fan de rippetysjes, ik bin wer even “thús”.

Der wurdt hiel hurd wurke op dit stuit om in prachtich mearke del te setten.  En, as it  aanst oan de útfieringen  ta is, dan hoopje ik dat er komt, “myn” master fan doe en dat ik dan noch ien kear in acht (of in 7-) fan him krij.

Anja Steegstra

 

De kaartferkeap begjint op 30 jannewaris 2017.

Foarstellings mearke 2017:

Folwoeksenen (19.30 oere):
-Sneon 11 febrewaris
-Tiisdei 14 febrewaris
-Woansdei 15 febrewaris
-Freed 17 febrewaris
-Sneon 18 febrewaris

Matinee Mearke (14.00 oere):
-Woansdei 15 febrewaris

Bern (12.15 oere):
-Moandei 13 febrewaris
-Tiisdei 14 febrewaris
-Tongersdei 16 febrewaris


Foarstellings mearke 2017:

Folwoeksenen (19.30 oere):

Sneon 11 febrewaris

Tiisdei 14 febrewaris

Woansdei 15 febrewaris

Freed 17 febrewaris

Sneon 18 febrewaris



Matinee Mearke (14.00 oere):

Woansdei 15 febrewaris



Bern (12.15 oere):

Moandei 13 febrewaris

Tiisdei 14 febrewaris

Tongersdei 16 febrewaris


Kaartsjes binne (ein jannewaris) te keap by Bruna Grou.