• Header_fotolijstjes_geschiedenis

Mei Ingrid (nichtsje), Rixt (dochter) en Hilda (frou)

 

 

 

Ingrid en Atte (FFF Grou)

Atte Dijkema
'It's all in the family'

Mar leafst 16 spilers dogge der dit jier mei oan it mearke ‘It Lân fan Neat’! We stelle se graach oan jo foar en begjinne mei fjouwer spilers dêr’t jo trije al wol faker sjoen hawwe yn in mearke. En se kenne inoar ek tige goed. Want de ien moat eins muoike (tante) sizze tsjin de oare en dy hat wer in nichtsje dy’t wer muoike tsjin har sizze moat en mem tsjin de oar. En se dogge alle trije mei. Snappe jo it noch? Foardat it jo ek begjint te dûzeljen,  traapje we ôf mei de kâlde kant; Atte Dijkema.

Atte, do spaanst al hiel wat jierren om yn Grou, mar wêr komst eins wei?
Ik bin 55 jier lyn berne yn Terherne . Dêr haw ik in moaie frije jeugd hân. Myn âlders, en dan foaral ús heit, wiene echte doarpsminsken dus dy seagen al wat nuver doe't ik op in gegeven momint ferkearing krige mei in Grouster famke en ik op myn 22ste nei Grou ferhuze.  No ja... en sa't dat dan giet, kochten we in hûs, binne we troud, krigen twa prachtige bern, ha in hiele gesellige freonen ploech en binne no beide selsstannich ûndernimmer. Myn wurk is it ûnderhâld fan alderhande boaten en dan foaral it skilder en lakwurk (jachtlakker.nl ).

Mar do hast ek oare talinten…
Minsken kinne my miskien ek fan de muzyk. Al sûnt myn 17e haw ik yn ferskate orkestkes spile as drummer/sjonger en tegearre mei Hilda, (dat Grouster famke en no al hast 30 jier myn frou), wiene wy 15 jier lang duo Dûbeldyk.

Ek haw ik in kear mei dien oan Grou foar Grouster (postbode Simen) en mei de FFF Flower Power en Rock&Roll feesten.

Wêrom dochst mei oan it mearke?
As net in echte Grouster fyn ik it Sint Piter feest  dochs wol hiel bysûnder en haw ik it fan hiel tichteby meimakke as de rjochterhân fan de goedhillich man.  meidwaan oan it mearke spile my al wat langer yn de holle om, fansels ek omdat myn frou, dochter en soan der yn mei spile ha en altyd mei entûsjaste  ferhalen thúskamen. Ik bin earder wolris frege om mei te dwaan mar troch gebrek oan tiid en oare ferplichtingen kaam it der net fan, mar no sil it heve !!

Hast ek in foarkar; sjonge of spylje?
De kombinaasje makket it leuk, sjonge dat doch ik al hiel lang mar om tagelyk ek noch in rol te spyljen is wol hiel wat oars , wol spannend hear !!!

Hast al ris earder meidien oan in toanielstik, mearke of sokssawat? 
Yn Terherne siet ik op de legere skoalle by master Roel Bergsma yn de klasse, Bergsma wie in ferneamd man yn de Fryske toaniel- en kabaretwrâld, elk jier skreau hy in revu die de bern  fan klasse 4 5 en 6 (no groep 6, 7 en 8 tink ik) dan opfiere moasten foar in seal fol minsken. Letter haw ik yn Terherne noch in  kear mei dien oan in toanielstik en in sjongspul (musical). In hichtepunt yn myn 'akteerkarriêre' wie in gastrol mei ús hûn Doede yn it Sint Pitersjoernaal fan 2016.

Wat is dyn moaiste oantins oan it Sint Piterfeest?
De aldermoaiste oantins is fansels de earste kear dat ik as helpke fan Sint Piter mei de boat oankaam by de kade (pikefel) Dat wie hiel bysûnder.

De oare kear geane we fierder mei de trije froulju dêr’t we yn de ynlieding al oer hiene!