Bauke Hooghiemster

 

Mei syn frou Liesbeth

 

 

Bauke Hooghiemster: Sint Pitertiid is de moaiste tiid fan it jier

Ik bin Bauke Kornelis Hooghiemster (krekt 70 jier wurden) en ik bin troud mei Liesbeth. Wy wenje oan de Stationsweg (De Dyk) yn de âlde haadwente fan de ULO. Wy ha twa dochters, twa skoansoannen en trije pake- en beppesizzers. Hobby’s binne sport yn it algemien en lêze. Ik fiel my in echte Grouster en ik bin ynteressearre yn de skiednis fan Grou en de neiste omjouwing.

Prachtige ‘boarterstún’
Ik bin yn 1948 berne ûnder de Sint Pitertsjerke yn itselde hûs as dêr 't myn mem (Agnes van der Schaaf) ek berne is. Sy trout yn 1946 mei Jan Hooghiemster en it pear lûkt by pake en beppe fan memmekant yn. Yn 1951 is myn broer Wiepke berne. It grutste part fan myn jeugd ha ik trochbrocht yn de Kanaalstrjitte. In prachtige tiid. Dêr fynt in protte nei-oarlochske nijbou plak en de grutte sânflakte, flak by de mar en it P.M.-kanaal, is foar ús as bern in prachtige“boarterstún”. De sportfjilden oan de Nesserdyk binne ek net fier fuort en om't’ ús heit foarsitter fan GAVC is, bin ik grut wurden mei fuotbal. It firus wurket noch altiten.

Leafde foar greide en wetter
Bûten it doarp, yn it Leechlân en yn de Suorein, ha twa omkes, in buorkerij. Al op jonge leeftiid lit ik woansdei- en sneontemiddeis en fansels yn de fakânsjes it doarp op de fyts efter my. Ik ha doe al in aardich byld krige fan greidebedriuwen, dy’t it yn de 50-ger en 60-ger jierren net sa min ha. Ungetiidzje,kúlje, dongje, it omgean mei kij (melke), hynders en letter de trekkers, alle fasetten ha ik meimakke. Ek hat ien fan myn omkes lân oer it wetter yn gebrûk. Foar Grou en omkriten is soks net frjemd. Ik doch ûnderfinings op, dy’t my letter yn myn wurk tige fan pas komme. Ik tink dat doe ek al de leafde foar greide en wetter om Grou hinne ûntstien is.

Nei myn tsjinsttiid kom ik terjochte yn it bedriuw fan myn heit, in rintmasters- en taksaasjekantoar. Benammen it plattelân yn Fryslân wurdt myn wurkgebiet. Ik ha altiten mei in protte plezier myn wurk dien. In pear jier lyn ha ik it bedriuw oerdien oan twa kollega’s en sa no en dan kom ik noch even op it kantoar oan de Stationsweg.

Sint Piter-tiid
Ik sit noch op de middelbere skoalle as ik al yn de kunde kom mei it ferieningslibben. Nei in bestjoersfunksje yn de jongereinsoos Rieleks kom ik, hoe kin it ek oars, yn de bestjoeren fan fuotbalklup en iisklup. Mar it is net allinne de sport, dy’t my ynteressearret. Ek yn de bestjoeren fan GWHI (no de Businessclub) en VVV ha ik meidraaid. Mar it aldermoaiste hat myn Sint Piter-tiid west. Mear as tweintich jier stie Sint Piter my tige nei. Unferjitlik binne de oankomsten op boat en belslide, de oerkes mei de bern op skoalle en it fuortgean (sels mei in loftballon). Ik kin der oeren oer fertelle. In geweldige tiid!!

Dochs noch yn it mearke
Wêrom ik meidoch oan it mearke? Dan moatte we earst even werom yn de tiid. Al op de legere skoalle doch ik mei oan toanielstikjes yn klasseferbân en dat hat him fuortsetten op de middelbere skoalle. Yn 1975 freget Bareld de Vries (dan foarsitter fan de de Krite Grou) my foar in rol yn it iepenloftspul ‘Út it singeliere libben fan Durk Snoad’. Dêrnei ha ik jierren mei in protte plezier by it Kritetoaniel spile mei as hichtepunten optredens yn De Lawei (op de slútjûnen) en foar de Fryske Kriten om útens. Wy ha in prachtige ploech.

As ik yn 1985 wat neier yn de kunde kom mei it Sint Piter-barren kom ik ek alle jierren by it Mearke (wy prate dan noch oer it Sprookje). Ik ha doe wol ris sein, as it mei myn Sint Piter-aktiviteiten wat rêstiger wurdt dan wol ik graach in kear mei dwaan. En ja hear, yn 2006 sil ik de rol fan Sint Piter spylje yn it Mearke fan dat jier. Mar dat giet net troch fanwegen myn eigen noch farske Sint Piter-ferline. De diskusje giet oer it (mooglik) yn de war bringen fan de bern. Dat ferhaal komt ferline jier mei de Krystdagen op ‘e hispel yn in petear mei Anja Steegstra. Soest dan noch wolle ….?

Dêr ha ik net sa lang oer neitocht!