De riedslju fan de winterkeninginne hawwe tige wichtich nijs!

De riedslju fan de winterkeninginne út it Sint Pitermearke hawwe tige wichtig nijs!

“De winterkeninginne”
fan Koos Meinderts en Harrie Jekkers

Lang ferlyn, fier fan de bewenne wrâld, libbe der yn it hege Noarden, in keninginne fan snie en iis. De winterkeninginne wie lokkich, mar dochs wie der in leechte yn har hert. Se woe har lok diele mei in bern. Op in dei makke se fan de fynste snieflokken in famke. En se tute it famke yn de hoop dat er libben yn de sniepoppe komme soe. Mar der barde neat.

Se gûlde bittere triennen oant se fielde dat der immen efter har stie. It wie de sniegeast! En hy blies syn asem oer it sniepopfamke. Se libbe…. en de sniegeast wie ynienen fuort, lykas er ynienen kaam wie. En hy liet him net mear sjen, oant dy iene winter….