Hans Nieuwenhuis

 

 

 

Hans Nieuwenhuis:
fan jong oant en mei no

Hans Nieuwenhuis is ien fan de learkrêften út de spilersploech. Dêr is it Sint Piter Komitee tige bliid mei. De bern út syn groep binne al tige nijsgjirrich, hoe hy it dwaan sil yn it mearke "Heksen" fan 2017.

De hobby fan Hans is motorriden. Sil hy ek op de motor nei it mearke komme? As hy der yn elts gefal mar is, want wy wolle him allegearre wol wer sjen tidens ien fan de foarstellings fan it Sint Pitermearke.

 

Ein jannewaris 2017 binne de kaartsjes fan it nije mearke te keap yn it doarp.

 

 

Foarstellings mearke 2017:

Folwoeksenen (19.30 oere):

Sneon 11 febrewaris

Tiisdei 14 febrewaris

Woansdei 15 febrewaris

Freed 17 febrewaris

Sneon 18 febrewaris



Matinee Mearke (14.00 oere):

Woansdei 15 febrewaris



Bern (12.15 oere):

Moandei 13 febrewaris

Tiisdei 14 febrewaris

Tongersdei 16 febrewaris


Kaartsjes binne (ein jannewaris) te keap by Bruna Grou.