Hilda, Ingrid en Rixt

Ingrid, Atte, Rixt en Hilda

 

Ingrid en Rixt as heksen (mearke 2017)

 

 

 

Hilda as winterkeninginne (mearke 2015)

Diel 2 fan 'It's all in the family'

Yn it stikje oer Atte Dykema, hiene we al ferklapt dat we no wat skriuwe sille oer syn frou (Hilda), syn dochter (Rixt) en syn omkesizzer (Ingrid). Alle trije binne se al troch de moster fitere as it om it mearke giet; se hawwe allegearre yn elts gefal al trije kear meidien!

Foar de minsken dy’t noch net safolle fan dy witte; fertel ris wat oer dysels.

Hilda

Ik bin Hilda Dykema (52 jier) troud mei Atte Dykema en we ha 2 bern Rixt en Allard. Ik wenje myn hiele libben al yn Grou, 32 jier dêrfan mei Atte. Neidat ik myn MAVO diploma helle hie, wist ik net hokker rjochting ik út woe. Dus earst mar oan it wurk, dat befoel goed fansels , ik fertsjinne jild wat wol handich wie. Yn dy tiid binne we troud en krigen we Rixt  en Allard . Wêr de minsken my fan kinne? Fan de ferskate winkels dêr 't ik wurke ha en fansels fan sjongduo Dûbeldyk. Dit hawwe wy (Atte en ik) 15 jier tegearre mei in protte wille dien. April 2016 binne we stoppe; we hawwe no mear tiid om oare dingen te dwaan.  Yn 2007 haw ik  de oplieding sport massaazje dien en  dernei in 3 jierrige oplieding as shiatsu terapeut . No ha ik alwer 7 jier in eigen praktyk, dêr’t ik tige tefreden oer bin.

Ingrid Stapenséa-Dijkstra
Ik bin hikke en tein yn Grou. En ek al wenje ik yn Reduzum sûnt 5 jier, ik fiel my noch altyd in echte Grouster.

Rixt
Ik bin Rixt Dijkema, 27 jier âld en wenje myn hiele libben al yn Grou. Ik bin in dochter fan Atte en Hilda en Ingrid is myn nichtsje!

Wêrom dochst mei oan it mearke?

Hilda
It is fansels prachtich om yn it mearke te spyljen (ik bin dermei opgroeid). It like my machtich om in kear mei te dwaan, mar it mearke waard eartiids altyd troch de learkrêften spile. Yn de rin fan de jierren  dogge der hieltyd minder learkrêften mei...wat ik hiel spitich fyn. Mar ik wit ek dat der in soad tiid yn sitten giet en dat is foar sommige learkrêften net altyd te kombinearjen. Foar my en oaren is it lykwols in hiele moaie kâns om mei te dwaan ;-)!

Ingrid
Om’t ik dat ôfgryslik leuk fyn om te dwaan!

Rixt
Ik fyn it altyd in hiele gesellige tiid. Ein oktober begjinne de repetysjes en dan is it al feest! As bern fûn ik it machtich om nei it mearke te sjen en dan foaral omdat dyn master as juf meidie. Ik bin dan wol net in learkrêft, mar it mearke moat fansels wol trochgean foar de bern! 

Wat fynst aardiger om te dwaan: sjongen of spyljen en wêrom? 

Hilda
Ik fyn it allebeide prachtich  moai om te dwaan.  Sa lang as der in wikselwurking mei it publyk is, krigest der in protte enerzjy fan werom.

Ingrid
Ik fyn just de kombinaasje moai, mei sjonge kinst ek in hiele hoop oerbringe. 

Rixt
De kombi fan beide is sa leuk. It is elke kear wer spannend foar sa’n grutte seal, mar it jout sa’n kick! 

Jimme binne it aardich iens! Ast no werom sjochst op eardere mearkes dêr’st yn spile hast; wat wie dan it meast bysûndere mearke foar dy?

Hilda
De Winterkeninginne! Dêr mocht ik de rol fan de keninginne spylje en prachtige ferskes sjonge. Dat wie myn earste mearke wer ik yn meispile, en gelyk sa ’n prachtige rol.

Ingrid
Foarich jier hie ik de rol fan de opperhekse; machtich om sa’n boaze hekse te spyljen!

Rixt
Myn moaiste rol is….. de rol dy’t ik dit jier spylje!

Wat is dyn moaiste oantins oan it Sint Piterfeest of -mearke?  

Hilda
Myn moaiste mearke wie Piter en de Marwiven (ik wit it jiertal sa net mear), as bern fûn ik dat in hiel spannend mearke; de LP haw ik griis draaid!

Rixt
It sjongen fan de Sint Piterferskes foardat we begjinne fyn ik altyd leuk. Gekjeie en sjonge mei it publyk wylst se ús noch net sjoen ha!