It ferhaal

Het Sint Pitermearke 2017 "Heksen"

Heksen (fan Roald Dahl)

Heksen, katten, mûzen en in sigaarke smokende beppe binne dit jier de yngrediïnten foar it Sint Piter Mearke fan 2017!

In entûsjaste ploech spilers (14) en meiwurkers sille ûnder regy fan Anja Steegstra dit winterskoft it mearke “Heksen” nei it boek fan Roald Dahl (Fryske bewurking Benny Holtrop) oer it fuotljocht bringe. Mei in oantal bekende meaerke spilers, mar ek mei in oantal nije Grouster talinten!

Trollen en heksen

It mearke 2017 giet oer Lammert. Lammert wennet by syn beppe yn Noarwegen. Beppe Hermelinda is net sa as alle oare beppe’s. Se smookt sigaarkes en fertelt Lammert jûns foar it sliepen gean altyd hiele spannende ferhalen. Oer stoarmen en needwaar, oer trollen en wylde bisten, mar it leafst fertelt se ferhalen oer ‘heksen’.

De bern út Lammert syn klasse fine frou Hermelinda mar in apart minske. Mar Lammert net. Dy fynt syn beppe de leafste beppe fan de hiele wrâld!

Spannende fakânsje

Dat heksen net allinnich bestean yn mearkeboeken blikt as beppe Hermelinda en Lammert op fakânsje yn Ingelân binne. Yn it hotel, wer’t se oernachtsje, rinne wol in pear hiele frjemde froulju om. Binne it gewoane froulju of …….... It wurdt yn elk gefal in spannende fakânsje!

Senuweftige ober

Sa as yn alle mearkes is it sa no en dan in bytsje spannend fansels. Mar in senuweftige ober, it ferwende jonkje Bruno en de katten Kit en Kat soargje derfoar dat der ek in hiele protte te laitsjen falt! En, sa as dat yn alle mearkes it gefal is, it rint fansels altitengoed ôf!