Johannes Kalsbeek

 

 

 

Johannes Kalsbeek: drokke doarpsman dy 't him gjin echte Grouster nimme mei...

Wa bisto, fertel ris wat oer dysels.
Myn namme is Johannes Kalsbeek, 49 jier, man fan Hilleke (hat jierren de klean makke foar it Mearke), heit fan Renske (20) en Rinke-Jort (18). Ik bin hikke en tein yn Grou. Ik bin oan de Oostergoostrjitte 106 berne. Us buorren wiene destiids de famylje Van der Meer (mei Sicco, Henk en Erik) en oan de oare kant de famylje Kromhout en wer dêrneist IJsselstein (fan de meubelsaak). Letter hat Hooghiemster dêr wenne. De âlders fan Bauke, dy’t ek mei it Mearke mei docht. Nettsjinsteande dat ik yn Grou berne bin mei ik my gjin echte Grouster neame neffens Douwe de Vries (Denzo). Dan moatte jo efter de tsjerke berne wêze seit hy altyd.

Wêr moatte jimme my fan kinne? Ik wit it net. Myn âlders binne Renske Kalsbeek-van der Zee en Klaas Kalsbeek. Se binne beide net mear ûnder ús. Myn mem is yn 1980 ferstoarn en myn heit yn 2004. Fiersten te gau fansels mar dat ha jo net foar it sizzen. Ik ha sels jierren yn it earste fan vv GAVC spile en ek yn it bestjoersitten. Nei de fuotballerij bin ik aktyf by it keatsen belutsen. Ik ha 10 jier de skriuwer west foar keatsferiening It Wetterlân. Ik bin dêr noch altiten aktyf. Krekt as by vv GAVC, sit ik yn it bestjoer fan de Club van 100. Op dit stuit kin ik myn jûnen ek folje mei It Play & Skate Court yn Grou. Ik bin fan dizze stifting de ponghâlder.

Wêrom dochst mei oan it mearke?
Ik bin frege troch Annadora, ik ha in kear mei har yn de revu fan de GWS spile. Blykber hat dat doe goed foldien. Ik meitsje no ûnderdiel út fan it Folk. Jo kinne dus in bytsje op de eftergrûn spylje. Dat leit my wol. Ik fyn it oant no ta tige gesellich en moai. It is in moaie ploech minsken mei in oantal tige goeie spilers. Dy goeie spilers hawwe de haadrollen. Dêr stiet en falt it mearke mei. Prachtich dat dizze minsken ek mei dogge. Anja hat de boel goed foar inoar en hâld de gong d’r yn!

Wat fynst aardiger om te dwaan: sjonge of spylje en wêrom?
Ik fyn sjonge tige moai om te dwaan. Ik ha destiids myn sjongkarriêre misrûn. Nei in oantal talintejachten yn Fryslân ha ik de kâns hân om mei de Voice mei te dwaan. Ik ha doe as de mysteriegast myn opwachting makke; mar spitigernôch wie ik krekt net goed genôch. It giet no sa goed dat Atte en Hilda my frege ha om mei harren nei ôfrin fan it mearke optredens te fersoargjen. Mar spylje is ek tige moai om te dwaan. Foaral as jo mei de spilersklean oan net werkend wurde.

Hast al ris earde rmeidien oan in toanielstik, mearke of sokssawat? En sa ja, hokker?
It is myn earste mearke. Ik ha hielendal gjin ûnderfining. Ik ha ien kear mei de revu fan de GWS meidien. Ik ha wol jierrenlange ûnderfining mei de stappersjûn mei de Merke. Jierrenlang ha ik doe mei myn grutte maat Anne-Jan de Boer in sneintejûnact opfierd.

Wat is dyn moaiste oantinken oan it Sint Piterfeest of mearke?
De moaiste oantinkens oan it mearke binne foar my dochs wol de mearkes dêr 't master Fopma, direkteur Achenbach en master Rienk de Jong oan meidiene. Dat fûn ik altyd prachtich. Ik siet doe noch op de MWS. Mar wat ik ek altyd prachtich fûn ha, is it harkspul op ‘e grammofoanplaat “Om ‘e âlde Sint Piter” oer Piter en it Marwiif. Dat wie sa spannend! Hoe’t Piter oer Grou fleach op ‘e biezemstôk. Oefff.