• Header_fotolijstjes_geschiedenis
rixt en allard kleur

Rixt en Allard Dijkema.

Broer en zus Dijkema tegelijk op het podium!

De volgende spelers die we graag aan je voor willen stellen, zijn broer en zus Allard en Rixt Dijkema. Voor zover de schrijver weet, is het uniek dat een broer en zus samen in een mearke optreden!

 

De namme Dijkema is in bekende namme yn Grou en at it om Sint Piter giet. Fertel ris.
Ferline jier hat ús mem meispile yn it mearke de Winterkeninginne, miskien dat de namme dêrom bekent foarkomt. Dêrneist trede ús âlders op ûnder de namme Dûbeldyk.

 

Jimme binne hikke en tein yn Grou? Wat hawwe jimme mei it Sint Piter feest?
Allard: Ik bin no 22 jier en salang wenje ik ek al yn it moaie Grou. Ik fyn it Sint Piter feest in machtich moai feest. Dat komt foaral om’t wy it elk jier fiere mei de famylje. Wat ek hiel leuk wie, is dat Swarte Pyt tidens syn tiid yn Grou faaks efkes by ús del kaam…

Rixt: Ik wenje al 25 jier yn dit prachtige doarp, no tegearre mei myn freon. It Sint Piter feest is in moaie tiid. As bern koe ik der net fan sliepe, dat giet de lêste jierren wat better... Myn pake en heit kinne Sint Piter hiel goed; ek hiel bysûnder! We binne fanatike Sint Piter fierders, alle jierren wurdt d’r oandacht oan skonken.

 

Hoe hast as bern it mearke belibbe?
Allard: As bern haw ik ris in mearke sjoen wêr oft it hiele dekôr beweegde. It like hjirtroch krekt dat de spilers ûnder de grûn gongen. Dat mearke hat safolle yndruk op my makke dat ik der oant no ta fan oertsjûge wie dat it sa wie. Ferline wike hearde ik lykwols dat der noch nea in dekôr draait hat! Sa blykt mar wer hoe echt en spannend alles foar de bern is at se nei it Sint Piter mearke sjogge.

 

Rixt, do hast ferline jier foar it earst meidien oant it mearke, hoe wie dat?
Rixt: Ik haw in macht wike hân; it wie in hiele gesellige ploech en de reaksjes wiene ek allegearre leuk!

 

Hoe fiere jimme it Sint Piter feest?
As bern fierden we it gruts mei kado's dy't der ynienen wiene; we setten sân kear wyks de skoech en gean sa mar troch. Hjoed de dei fiere we it mei de famylje. Earst geane we nei it plein en de kade om Sint Piter en Swarte Pyt út te swaaien en dan geane we gesellich út iten.

 

Wêrom ‘moatte’ de minsken dit jier nei it Sin Piter mearke?
Allard: It is in oanrieder om ’t it jier hiel oars as oars wurdt. It mearke wurdt troch de hiele seal spile, dus net allinne op it poadium. Minsken kinne it dus hiel goed sjen en elkenien krijt it gefoel op de earste rang te sitten!

Rixt: Lyk as alle oare jierren is it wer in moai mearke. In ploech entûsjaste minsken hat der wer wat moais fan makke.. It heart by Sint Piter.... En ja... Ek dit jier is it wer oars as oare jierren. Krekt as foarich jier sis ik: Net stinne, mar hinne!

Vanaf 1 februari zijn de kaartjes voor het mearke 2016 te koop bij Bruna in Grou.