• Header_fotolijstjes_geschiedenis

Romke&Jeltsje-70 (1) Romke&Jeltsje-99 annadora

‘In potsje guozzebrievje is echt dikke, dikke wille!’

Graach stelle we de tredde mearkespiler oan jim foar: Annadora Kleiterp. Se is hikke en tein yn Nijegea. Yn 1994 is se mei Harry (Haarsma) yn Grou kaam te wenjen. Se hawwe twa bern: Yke (2000) en Jorrit (2002).

Annadora, do bist net yn Grou opgroeit; wat hast mei it Sint Piter barren?
Dat gong eins fansels. Sûnt wy yn Grou wenje, binne wy meigien yn it ‘Sint Piter barren’. Prachtich om te sjen hoe’t dit yn Grou libbet. As immen my d’r nei freget hoe ’t dat sit mei Sint Piter en wêrom Grousters sa ‘eigenwiis’ binne/bliuwe om dit sa te hâlden, dan fertel ik grutsk dat it in prachtich barren is en dat ik hoopje dat it altyd sa bliuwe sil!!

En do gongst ek fanôf it begjin nei it Sint Piter Mearke?
Eins wol ja. Ik ha der ek meardere goeie oantinkens oan. Doe’t ik krekt yn Grou wenne en de earske kearen nei it mearke gong, ha ik my de eagen útsjoen: in seal fol folwoeksen minsken dy’t Sint Piterferkes sjonge mei mekoar is hiel bysûnder hear. Ek de mearkes, it spyljen, it feest foar de bern binne geweldich. Op in stuit kaam it gefoel hoe moai it dochs wêze soe om in kear mei te spyljen. Mei de ‘nije klaaister fan de kening’ wie it safier. Doe ha ik foar de earste kear meidien; machtich om dat mei te meitsjen!! Dêrnei haw ik meispile yn ‘Romke en Jeltsje’ en ‘Kening Wammes’. Sa kaam ik troch Annemieke Nijp ek yn de ‘lêskommisje’ fan it mearke en ha ik twa kear tegearre mei master Hans (Nieuwenhuis) in stik nei it Frysk oersetten (‘de skat fan Biddelgat’ en ‘de Winterkeninginne’). Ek moai om te dwaan.

Kening Wammes wie hiel bysûnder om oan mei te dwaan, wat in wille ha we hân! We spilen dit stik mar mei fjouwer spilers; it wie yntinsyf mar rekkest sa op elkoar ynspile, dat makke it sa spesjaal. Fons siet op in stuit hielendal yn gedachten achter de kûlissen en ik wie der wis fan dat hy opkomme moast, dus ik jou him stomp. Hy sjocht my ferheard oan en hy hie gjin idee wêr’t we yn it stik wienen. Mei it hert yn’e kiel en in pear grutte eagen is hy opgien en dochs spile hy gewoan fierder wêr’t we wienen… letter ha we der noch ferskrikkelik om lake.

Hoe fiere jimme thús Sint Piter?
Sint Piter fiere wy lekker thús. Wy binne ek in pear kear op wintersportfakânsje west, doe hie Swarte Pyt der ek noch foar soarge dat der pakjes yn de koffer sieten. Doe’t Yke en Jorrit noch lytser wiene, kaam Swarte Pyt in oantal kearen in koer mei pakjes by ús binnen bringen, dat wie ek wol hiel bysûnder!

Werom ‘moatte’ de minsken dit jier nei it mearke?
Dit jier it mearke Katharina Katharina. Dûbelbliid, har âlders binne dûbelbliid mei har! It is in moai stik oer in hiel soad werkenbere mominten út in minskelibben. It giet oer spultsjedwaan, winne en ferlieze, it lot, lok en ûngelok en tiid (dy fljocht as it meisit en krûpt as it tsjinsit).nnIk soe sizze, kom te sjen want sa’n potsje guozzebrievje (ganzenbordspelen) is echt dikke, dikke wille!!!