• Header_fotolijstjes_geschiedenis

Sytske Jongsma en Ingrid Dijkstra

Sytske Jongsma (links) op de foto met Rixt Dijkema uit het Sint Piter mearke van 2015.

Uit het archief van FFF: Ingrid Dijkstra aan het oefenen voor Grousters foar Grousters

Uit het archief van FFF: Ingrid Dijkstra aan het oefenen voor Grousters foar Grousters

"Ik kin net tefolle priis jaan, mar dit meie jo net misse!"

We binne takaam oan twa ‘echte’ Grouster froulju: Sytske Jongsma en Ingrid Dijkstra. Beide froulju fiele har as in fisk yn it wetter op it poadium. Sa spiele Ingrid (jongste dochter fan Anneke en Johannes Dijkstra) by de Krite, die se mei oan it spektakelstik de Man fan Myra en is se in fertroud gesicht by Grousters foar Grousters. Sytske (dochter fan grimeurspear Jongsma) spiele ferline jier mei yn it jubileum mearke. Dêrneist hat se yn de revu fan de FFF, It brûs foar de kop, Stoarm yn ‘e Lijte en it mearke Frjemd spul yn’e haven (2000) spiele. Ek presintearret se de lêste jierren it Sint Piter sjoernaal.

Wat hawwe jimme mei it Sint Piterfeest?
Ingrid:
Ik bin grut brocht mei Sint Piter en wit net oars as dat wy yn febrewaris de skoech sette en pakjes krije, mar yn myn eigen húshâlding (yn Reduzum) bin ik de ienichste Sint Piterfan. Us jongste famke fan 2 wurdt fansels wol opfieden mei Sint Piter!
Sytske
Ik haw, fia myn âlden, altyd in hiel bysûnder ‘inkijkje’ krigen yn it Sint Piter feest. Dit makket miskien ek wol dat ik my tige belutsen fiel by it feest. Ik fyn it bysûnder dat dit feest al salang bestiet mei alle frijwilligers en bydragen út de middenstân en ynwenners fan Grou. Trochdat it sa lyts en yntym is, hat it lokkich ek gjin lêst fan diskusjes dy’t wol rûn it Sinteklaasfeest hingje. Dêr bin ik bliid mei. Ik hoopje dat we der mei syn allen foar soarchje kinne dat Sint Piter noch hiel lang yn Grou komme mei.

Wat is jimme leukste oantins oan it Sint Pitermearke en werom?
Ingrid:
Fan jongs of oan haw ik hast alle mearkes sjoen; ik haw miskien trije of fjouwer mist. Ik tink dat ik der wol sa’n 30 sjoen haw yn myn hiele libben! Myn moaiste oantinken wit ik eins net, ik bin sljocht op mearkes; de magy, it fabelêftige en de fantasy, machtich! Dat se my frege hawwe om mei te dwaan oan it mearke is foar my in grutte winsk dy’t útkomt.
Sytske:
Myn moaiste oantins is as je sels meispylje mei in mearke en part binne fan in spilersploech. Begjin oktober starte we mei repetearjen. It is best wol yntensyf en je bouwe in hechte bân op mei syn allen. As team besykje je in prachtige foarstelling te meitsjen en as dat dan slagget en de reaksjes binne posityf jout dat in machtich moai gefoel!

Hoe fiere jimme sels eins it Sint Piterfeest?
Ingrid:
Eartiids fierden wy it by ús pakes en beppes. Ik wit noch dat Swarte Pyt ús kadootsjes altyd op de mâlste plakken ferstoppe en dat er altyd kaam te struien. Krekt as de mearkes hawwe der ek mar in pear oankomsten fan Sint Piter west dy’t ik mist haw. Moaie tradysjes. No fiere wy it mei ús bern by ús heit en mem mei kadootsjes en snobbersguod.

Sytske:
Fan jongs of fiere wy Sint Piter. Dit dogge we mei de hiele famylje fan mem har kant. In dei mei lekker iten, kadootsje, surprizes en fansels gedichten! No ’t ik sels in dochter haw, fyn ik it wer krekt sa spannend as eartiids doe ’t ik sels in lyts famke wie....

Werom ‘moatte’ de minsken dit jier nei it Sint Pitermearke?
Sytske:
It ferhaal is basearre op Goussebriefje (Ganzenbord) mar jout ek in wat ‘Alice in Wonderland’-gefoel. It is spannend, grappich en wurdt spiele yn in hiele bysûndere setting. It is it wis en wrachtich wurch om ek dit jier wer in kaartsje te keapjen!
Ingrid:
Der is in soad aksje en it is wer ris wat oars as oars. Ik kin fansels net tefolle priis jaan, mar dit meie jo net misse!