• Header_fotolijstjes_geschiedenis

Mearke2015_154 theo1

Theo Terra danst hier met juf Engelien in 'De Winterkeninginne' uit 2015.

Mearke2015_152 theo3Mearke2015_148 theo2

‘It mearke is in tradysje foar Grousters fan alle leeftiden!’

We wolle no Theo oan it wurd litte. Ferline jier die hij foar it earst mei oan it mearke en dat gie best genôch!!! We binne tige bliid mei dei, Theo! `

 

Wêrom dochst dit jier wer mei?

Myn âldste dochter kaam thús mei in brief fan juf Simona. Dêr stie ynskreaun dat se graach wer woe dat ik mei it mearke mei spile.

Foar dat ik der oer neitinke koe, klonk der in lûd jûchhei. De bern wiene sa bliid, no dêr kinne je fansels net nee tsjin sizze. Doe’t ik hearde wat foar mearke der spile waard, hie ’k der nocht oan. Echt in oar stik, dat ik nea op dizze manier sjoen ha. Wy it middelpunt fan de seal. De ynteraksje mei it publyk liket my machtich!

Miskien sa’t eltsenien wol wit: it is sa leuk om meimekoar in gesellich spultsje te spyljen. Dus kom en nim mei jo pion.

Wat hast mei it mearke en wat is jimme moaiste oantinken dêroan?
As bern fûn ik Piter en it Marwiif in tige spannend mearke: it hat in hiel soad yndruk op my makke. Sa no en dan draaie we thús de CD noch wolris. En ek al is it al sa lang lyn: sommige nûmers sjong ik noch hieltyd sa mei! Sjonge doch ik faaks ûnder de douche. Mar ik haw no wol ûntdutsen dat sjonge prachtich is om te dwaan!

Do stiest net oan in skoalle yn Grou.
Se sochten in manlike spiler en myn maat Fons hie ferline jier by de kommisje oanjûn dat it miskien wol wat foar my wêze soe. Doe’t sy my frege, fielde ik my tige fereare en as heit fyn ik it echt prachtich om foar de bern te spyljen! Ik doch it dit jier dus foar de twadde kear.

Wêrom ‘moatte’ de minsken dit jier foaral nei it mearke ta te sjen?
Der binne safolle redenen werom at je gean kinne. Bygelyks omdat it mearke altyd in moai jûntsje út is. Ek hiel aardich is dat der sa wol nije talinten as erfaren spilers meidogge. Derneist hawwe wy as ploech no al in soad wille en ik tink dat wy dat ek oerbringe kinne oan de taskôgers. Mar jo moatte foaral nei it mearke omdat it in tradysje is foar alle Grousters fan alle leeftiden!