Efter de skermen is de organisaasje fan de Sint Piterbeurs alwer yn folle gong. En om in suksesfolle Sint Piterbeurs te organisearjen hawwe de Sint Piterfroulju jo help hurd nedich! Wy binne op syk nei spul wêr wy pakketjes fan meitsje kinne foar it Draaiend Rad.
Hawwe jo ûnbrûkt boartersguod, kleurboeken, potleaden, in pakje kofje, tee, frisdrank, nuten of in bon dy’t lizzen bliuwt? De Sint Piterfroulju kinne dizze spullen ôfgryslik goed brûke om prizenpakketten fan te meitsjen. Tink derom: wy kinne gjin alcoholische drank oannimme.
Jo soene ús enoarm helpe troch jo kast of krystpakket te kontrolearjen op items dy’t jo net brûke! Poiesz-segels, folsleine sparkaarten of de reade Andreanum-bonnen binne ek tige wolkom.
ynleverje Dit kin by:
- Kinderopvang Friesland Jongema, Jongema 2, 9001 LA Grou (open ma t/m vr van 7.30 uur tot 18.15 uur)
- Van Campen & Dijkstra, Parkstraat 7, 9001 AS Grou (open ma t/m vr van 8.30 uur tot 12.30 uur)
- Marrit Wammes-Hooghiemster, Hôflân 1A 9001 ZG Grou
- Tjeska Bijlsma, De Karper 11, 9001 NP Grou
As jo fragen hawwe of graach wolle dot de items ophelle wurde, stjoer dan in e-mail nei info@sintpiter.nl