Livestream
Oankomst Sint Piter en Aldemar
Beskikber fan sneon 12 februari 10.00 oere ôf.
“Oankomst” Sint Piter yn Grou
‘Wêrom stiet yn it âlde Grou de flagge op ‘e toer? Wol minsken witt’ jimm’ dat dan net, Sint Piter kaam wer oer.’
Op sneon 12 febrewaris ’22 ûntfange we Sint Piter en Aldemar yn Grou!
Om 10.00 oere farre se troch it PM-kanaal lâns it Zeilcentrum, Theehuis en Oostergoo.
Fan 14 oere ôf sil der in rûnrit plakfine troch Grou.
Sjoch foar de rûte en tiden op it kaartsje by de nijsberjochten.