Al moannen wurdt der hurd wurke oan in nij Sint Pitermearke. Dit kear wurdt it stik ‘Fûgels om’e toer’, skreaun troch Karin Idzenga op ‘e planken brocht. Dizze komeedzje is skreaun yn opdracht fan ‘Iepen Doek 2024’. De produksje wurdt dien troch Rixt Dijkema, de rezjy is yn hannen fan Wybe Koldijk en Arnold Postma fersoarge de muzikale arranzjeminten en teksten. Alle spilers stelle we graach de kommende wiken ien foar ien oan jimme foar!
Fûgels om ‘e toer:
Merel is in famke fan 12 jier. Se wennet yn in lyts doarp, yn de Fûgeltsjedwersstrjitte. In strjitte dêr’t de meast kleurrike persoanen wenje. Mar de minsken wolle net mear yn it doarp wenje, se fine it allegear fierstente fier fuort fan alles.
Der binne al húzen ôfbrutsen, want dêr wol gjinien mear yn wenje, de bus komt net mear, de bybliotheek is fuort en der is ek gjin hûs mear dêr’t âlde minsken wenje kinne…
Mar no hat de boargemaster sein dat der jild is foar in plan, sadat der wer minsken yn it doarp wenje wolle. En Merel hat in fantastysk idee……