It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Annadora Kleiterp oan bar!

Annadora, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik spylje de rol fan mem. Ik bin de mem fan Merel en ik bin foarsitster fan de buertferieniging. Ik bin grutsk op Merel!

Wat fynst it leukste oan dyn rol?
Dat ik it spannend fyn om de boel yn goede banen te lieden. Ik fiel my as mem en as foarsitster ferantwurdelik foar de hiele situaasje en de bewenners fan’e fûgeltsjedwersstrjitte.

Fûgels om ‘e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
Dat de bewenners fûgelnammen ha en dat elk syn eigenaardichheden hat. Herkenbaar út ‘it echte libben’. It is in leuk fantasyferhaal mei in bysûnder ein.
Hokker sin fynst it moaist om te sizzen yn it mearke? “Wast fielst is wol echt.” Hjir sit in soad emotie yn en dat fyn ik mooi…

De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
It is in bysûnder stel frjemde fûgels en de emoasjes rinne soms heech op! It liket soms as se net meielkoar kinne mar úteins kinne se ek min sûnder elkoar en krije se troch gearwurkjen in soad foarelkoar!

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Oant by it mearke!!