It Sint Piterfeest is alle jierren in grut súkses troch de ynset fan ús frijwilligers. Eltsenien set him fol passy yn en mei-inoar genietsje wy folop! Wolsto ek bydrage as frijwilliger? Meld dy dan oan fia info@sintpiter.nl.
By de Sint Piterbeurs en de Aankomst kinne wy noch wol wat help brûke!
Tidens de Sint Piterbeurs hawwe wy dien help ûnder oare nedich by de spultsjes, ferkeaptafel of yn de catering. Jou oan ofst` yn de moarn (9.30 – 12.00 oere) of yn de middei (14.00 – 17.00 oere) helpe kinst.
By de Oankomst op 8 febrewaris is der foar de bern fan groep 1 oant en mei 4 in spesjaal plak ynrjochte om de oankomst fan Sint Piter en Aldemar goed te sjen. Foar dit doel wurdt dit jier ek in tribune boud. Om 10.00 meie de bern by de Hema brocht wurde. Dêrwei geane de bern oan it tou nei de kade. As Sint Piter en Aldemar foet oan wâl setten ha, rinne sy mei de bern fia in spesjaal ôfsletten rûte nei it plein. Dêr krije de bern in plakje op ‘e banken foaroan by it poadium. Nei it programma op it plein bringe Sint Piter en Aldemar alle bern yn de optocht werom nei de Hema. Dêr kinne jim jim soan of dochter wer ophelje. Wolst helpe mei it begelieden fan de bern? Meld dy dan oan!
Wifkje net en jou dy fluch op!