Der wie justerjûn in wiere run op kaarten foar de Sint Piterbingo en it Sint Pitermearke. De Bingo wie binnen no-time útferkocht en binnen in oere wiene der al mear as 600 mearke kaartsjes ferkocht. Oerweldigjend! Wat fantastysk om te sjen hoefolle Sint Piterfans nei ús eveneminten komme. “Hjir dogge we it foar!” Hast noch gjin kaartsjes foar it mearke krigen? Kinst se de kommende wiken noch bestelle fia sintpiter.nl / tickets. Mar… VOL = VOL!