Oer 3 nachtsjes is it safier! Sint Piter komt wer oan yn Grou.
Wy sette noch efkes alle ynformaasje om de oankomst hinne foar dy op in rige:
Fanôf 9.30 oere is de boat te sjen fanôf it akwadukt. Hy fart troch it kanaal, by Paviljoen Prikmar del. Dêrnei fart er in rûntsje oer de Pikmar sadat elkenien genôch tiid hat om nei de Kade te kommen.
Fan 10.00 oere ôf kinne de bern brocht wurde by de Hema. Wy rinne om 10.10 oere mei alle bern oan it tou nei de Kade. Hjir krije se in spesjaal plakje foaroan op de bernetribune.
Om 10.30 oere komme Sint Piter en Aldemar oan by de Kade Se stappe fan board en swaaie nei elkenien. Dêrnei stapt Sint Piter op it hynder en giet tegearre mei de bern oan it tou nei it Halbertsma’s Plein.
⛔ Let op: ûnder de oankomst is de Waachshaven ôfsletten! Dit is nedich foar in feilige trochgong foar Sint Piter, Janika (syn hynder ), Aldemar en alle bern oan it tou. Kinst de Kade berikke fia de Haadstrjitte / Hûzebosk en de Hofsgrêft.
Nei de seremoanje op it plein stapt Sint Piter op syn hynder en rint hy mei Aldemar en de de bern in koarte rûte troch Grou.
Meitsje it doarp ekstra feestlik en hingje de flagge út kommende sneon!
Kinst net yn Grou by de oankomst wêze? Net treure, der is wer in livestream sadatst ek fan ôfstân meigenietsje kinst. Dit kin live op ús Facebook side of Youtube. Klik derfoar op ûndersteande ôfbylding: