Tradysjegetrou stelle wy mei grutskens ús Mearke spilers oan jimme foar. Dizze kear starte wy net mei ien fan de spilers, mar mei Mearke regisseur Jitze Grijpstra:

“Hoi, ik bin Jitze Grijpstra, akteur en regisseur en kom fan Wergea. In foarleafde foar toaniel siet der by my al betiid yn en ik sette yn 2007 al de earste stappen op de planken. No jierren fjirder haw ik yn tal fan moaie produksjes spylje mocht. Mar net allinich it spyljen is moai, ek de oare kant, it regisseren lokke en in pear jier lyn mocht ik myn earste stik regisseare. En net unferstjinstlik, want no oan my de taak om it mearke fan dit jier foarm te jaan.

Oer it mearke Ja suster, nee suster: it sil de measte minsken wol in beltsje rinkeljen dwaan. Op basis fan de polulaire tillefyzjesearje fan de jierren 60 is yn 1999 in nederlanske musikal skreaun, en wy hawwe de han witte te lizzen op de fryske ferzje. It hat alle yngredienten om der in fermaaklike jûn fan te meitsjen: grappige dialogen, ungemaklike gebeurtenissen, moaie ferskes en noch leukere dûnskes, al mei al in hearlike feelgood-famylje foarstelling foar jong en âld.

Mis it net!! Kaarten binne fanôf freed 23 jannewaris 20:00 oere te keap fia www.sintpiter.nl/tickets.

p.s. ek de kaarten foar de Sint Piterbingo en de Bjusterbaarlike Sint Piterjún bin fanôf dan te keap.