Dit jier blaze wy in âlde tradysje nij libben yn: de Sint Pitersop. Neffens tradysje bringt sop iten minsken letterlik tichter byinoar. Sop oan tafel is ienfâldich, waarm en tagonklik foar elkenien. Krekt dat is de krêft! Restaurant Amicaal servearret op keapsnein, 15 febrewaris, in hearlike pompoensoep. De sop is fergees en der is plak foar ûngefear 50 persoanen. (S)op = (s)op!

It sop wurdt fan 11 oere ôf servearre. Fuort nei ôfrin fan de spesjale Sint Pitertsjerketsjinst yn de Sint Pitertsjerke.

Keapsnein
Snein 15 febrewaris is it ek keapsnein. Tal fan Grouster winkellju iepenje dizze dei spesjaal harren winkels. Mar der is mear: de Sint Piterstrúntocht kinst tusken 12:00 en 16.00 oere kuierje troch it doarp (start is by Wolwinkel van Draad) én Sint Piter en Aldemar binne te besykjen yn de sliepkeamer yn de Sint Pitertsjerke tusken 13:00 en 15:30 oere.

Koartsein: op keapsnein moat jo gewoan yn it sintrum fan Grou wêze!