Tradysjegetrou stelle wy grutsk ús mearkespilers oan jimme foar. We starte dit jier mei suster Klyvia. Dizze fantastyske rol wurdt spile troch Hennie de Boer.

Hennie spile yn 1993 foar it earst yn it Sint Pitermearke. Sûnt dy tiid hat se ferskate rollen hân, meastal lytse. De spannendste rol dy’t se spylje mocht wie yn it Sint Pitermearke ‘Heksen’. Yn dit mearke spilet se suster Klyvia. Se runt in soarte fan tehûs dêr’t ferskillende minsken wenje mei alderhanne eigensinnichheden. 😉

“It leukste oan dizze rol is dat suster Klyvia hiel bekind is fan eartiids. En dat se faak troch har sjacheryniche buorman lestich fallen wurdt. It is in hiel leuk mearke om hinne te gean, hiel grappich en ek noch in bytsje spannend.” Har moaiste sin om te sizzen? ‘In fûgeltsje dat skyt en noch gjin kont hat.’.

Mis it net! Kaarten binne fanôf freed 23 jannewaris 20:00 oere te keap fia www.sintpiter.nl/tickets.