Tradysjegetrou stelle wy mei grutsk ús Mearke spilers oan jimme foar. Dit jier ha we 2 spesjale duo’s op de planken stean. It earste duo is heit en soan Fons en Ties van Steen.
It is de 7e kear dat Fons meispilet oan in mearke. Hy spile ûnder oare de soan fan Kening Wammes, Jack Sparrow yn De skat fan biddelgat, in mûs yn Firolien, de heit fan Matilde en yn it mearke Heksen spile er in stoere puber. Foar Ties is it de 2e kear dat er yn it Sint Pitermearke spilet. 2 jier lyn spile er de rol fan Bram yn Matilde: ‘By dizze rol mocht ik elke foarstellingen allegearre soeskes opite, hearlik!’
Yn it mearke Ja suster, nee suster spilet Ties twa rollen: Bobby en in plysjeman. ‘As Bobby bin ik it altyd iens mei suster Klyvia en Jet. As plysjeman bin ik op syk nei kriminelen en wurd ik faak belle troch de lilke buorman. It leukste oan de rol fan Bobby is dat der in soad stil spul spile wurdt. En as plysjeman mei ik pake oppakke. Mar ja, wa is pake??’ Ties binne leukste sin: ‘Werom ha jo dan net fuortendaliks belle?’
Heit Fons spilet dit jier de rol fan pake. Syn berop: hy wie eartiids in ynbrekker, no is er mei pensjoen en docht er dat absolút net mear… It ynbrekken hat er oerdroegen oan syn pakesizzer Gerrit. It moaiste an dizze rol: ‘Ik mei in âlde, ferkearde sjacheraar spylje dy’t de herten besiket te stellen fan eltsenien, útsein buorman Barstensfol. En fansels dat ik wer tegearre mei myn soan Ties op ‘e planken stean mei.’ Syn leukste sin: ‘Gerrit… is Gerrit ferkeard? Is hy fan ‘e ….. kant? Is hy net aardich foar jo en de oaren?’
Beide manlju fertelle entûsjast dat it mearke fan dit jier in hilarysk ferhaal is mei aardige personaazjes en moaie werkenbere ferskes. Der bart fan alles wat foar de jongerein ek goed te begripen is wêrby’t somtiden it rantsje like goed opsocht wurdt.
Mis it net! Kaarten binne fanôf freed 23 jannewaris 20:00 oere te keap fia www.sintpiter.nl/tickets.