Benefytjûn De Bjusterbaarlike Sint Piterjûn is in feest datst net misse wolst! In jûn foar en troch Grousters. Mei Live muzyk!

Spesjaal foar dizze jûn komt de Tribute band (bekind fan de Groustermerke) wer byinoar. Romke, Minne, Alex en Alwin soargje foar de muzikale tunes. Ek oan sjongkeunst is gjin gebrek: Janneke Andringa, Sytske Boerman-Wegman, Gerrit Bijlsma, Atte en Hilda Dijkema, Feike Jan Hoekstra en André de Wit stean om en om op it poadium te shinen! ✨

Tuskentroch soarget DJ Johan Terpstra derfoar dat de dûnsflier yn beweging bliuwt.

👉 De jûn start om 22.30 oere (fuort nei de Sint Piterbingo), kaarten binne fanôf kommende freed te keap fia sintpiter.nl / tickets.