Tradysjegetrou stelle wy mei grutskens ús Mearke spilers oan jimme foar. Dit jier ha we 2 spesjale duo’s op de planken stean. It is tiid om it twade duo, Jolijn en Jaap de Boer oan jim foar te stellen.

Beide hawwe noch nea earder yn it Sint Pitermearke spile, al fertelt Jolijn al jierren dat se dit graach ris dwaan wol. Jolijn spilet de rol fan Jet. ‘Jet wennet yn it rêsthûs fan suster Klivia. Se wol hiel graach op it toaniel en is sljocht op ferklaaien, sjongen en dûnsjen. Jet is wol in bytsje nayf, hystearysk en panikerich. Se nimt oaren yn beskerming en waait mei alle winen mei.’ Jaap spilet lilke buorman Barstensfol. ‘In échte soerprom. Hy fynt de bewenners fan Rusthuis Klivia, dy’t yn syn hierhûs wenje, net leuk. Hy wol se graach sa gau mooglik derút ha en neat is him te gek om dit foarinoar te krijen. Dit jouwt hilaryske en net te omskriuwen sênes.’

Wat heit en dochter it leukste fine oan harren rol? Jolijn fertelt dat Jet gek is op dûnsjen, en dat is se sels ek. En Jaap mei kontinu yrritant wêze foar syn meispilers. Leuk, mar somtiden ek wol in útdaging. Syn leukste sin(ne): ‘Ja, mar suster. Ik leau net dat it yn grap is. Ik ha myn nocht. It is oer!’

Ta beslút hat Jolijn noch in boadskip foar elkenien: ‘Kom allegear sjen en genietsje fan dizze gesellige gekke foarstelling. En foar de ja suster, nee suster fans: sjong en swing lekker mei de bekende ferskes!’

Mis het net! Der binne noch mar in pear kaarten beskikber foar woansdeitemiddei, dizze keapje je fia www.sintpiter.nl/tickets.