Takom sneon is it safier: de benefytjûn fan it Sint Piterkomitee. Fanwege it grutte súkses — ek dizze kaarten wiene wer allegearre útferkocht — hawwe wy besletten it feest te ferpleatsen nei de Treemter. Mei grutte tank oan de eigeners én oan Ronald en Sellie foar it mooglik meitsjen hjirfan. 🙌

Alle foardielen op in rige:

  • Der binne fanôf no nochris 100 kaarten ekstra beskikber!
  • Mear Grousters kinne meigenietsje fan ús fantastyske band, sjongers en sjongeressen én DJ Johan Terpstra.
  • Wy kinne wat earder iepen: fan 22.00 oere ôf iepenje de doarren fan de Treemter.
  • We kinne ek langer troch: de muzyk giet troch oant 2.00 oere.

De bingo ‘ ers rinne nei de bingo yn in feestlik ferljochte polonêze efter quizmaster Jeroen oan rjochting de Treemter. Dêr fynt de legindaryske Tombola plak, mei dit jier in ekstra grutte priis!

Hast noch gjin tickets en tinkst: ‘Noch ien kear feest yn de Treemter — dêr wol ik by wêze!: Bestel dan gau dyn kaarten fia www.sintpiter.nl/tickets.