De op sneon 1 febrewaris plande benefytjûn: Bjusterbaarlike Sint Piterjún giet spitigernôch net troch. Dit evenemint falt gear mei de lêste feestjûn fan Grutkafee Treemter. Wy winskje de kollega’s fan de Treemter in soad sukses en wille mei it einfeest fan dizze unike hoarekagelegenheid. De Sint Piterbingo giet gewoan troch as pland.
De doarren gean iepen op sneon 1 febrewaris fanôf 19.30 oere, de bingo start om 20.00 oere. Troch de grutte belangstelling fynt de kaartferkeap foar tagong ta de bingo folslein online plak. Foar € 10, – it kaartsje krijst garandearre entree oant de bingo, it earste drankje en de earste bingokaart! Tink derom dat der mar beheind kaartsjes beskikber binne, dus wês der gau by! Op = op en oan ‘e doar kinne gjin kaartsjes mear kocht wurde
De kaartferkeap start op 17 jannewaris om 20:00 oere fia sintpiter.nl/tickets