It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Janneke Andringa oan bar!

Janneke, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik spylje Mees, de dochter fan Pake Kraai.

Wat fynst it leukste oan dyn rol?
De rol en hâlding fan Mees feroaret yn it ferhaal.

Fûgels om ‘e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
De ûnderskate typkes en ûnferwachts barren yn it stik fyn ik hiel moai. Hokker sin fynst it moaist om te sizzen yn it mearke?
“Dêr dream ik ek fan. Sa moai en echt fan ús tiid!”

De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
Der wenje allegearre ferskillende bysûndere typen dy’t elk op harren eigen wize harren libben liede, wêrtroch’t grappige en bizarre situaasjes ûntstean.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Kom allegear sjen, want it wurdt ek dit jier wer in hiel moai mearke!