It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Manon Schut oan bar!

Manon, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik bin Merel, 12 jier en wenje myn hiele libben al yn de Fûgeltsjedwersstrjitte. Ik bin jong, eigenwiis, selsstannich en gek op myn famylje. Ik fyn it leuk om einleas te fantasearjen en haw dêrtroch faak goede kreative oplossingen foar elk probleem.

Wat fynst it leukste oan dyn rol?
Under oare it publyk meinimme yn myn ferhaal. It entûsjasme dêr’t ik yn spylje mei en alle kleuren dy’t ik drage mei.

Fûgels om ‘e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
It mearke is krekt efkes oars as oars. We ha in leuke groep spilers dy’t elk syn eigen rol goed wit út te ljochtsjen.

Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke?
Eins kin ik dêr net folle oer sizze sûnder al te folle te ferklappen. It hiele stik is foar my in feestje. Ien fan de stikken giet bygelyks oer it oertsjûgjen fan Mees, dochter fan Pake. Hjir moat ik myn bêst foar dwaan, mar dat giet my dochs net hiel goed ôf…

De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
De Fûgeltsjedwersstrjitte bestiet út jong en âld. Us buert is bysûnder om’t elkenien hiel oplettend is opinoar en stikem in hiel soad om elkoar jout. Us buert fielt as famylje. Wy helpe en steane klear foar inoar.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Ea gie ik alle jierren as skoalbern mei in soad wille nei it mearke, no mei ik meidwaan! Wa wit bring ik dy ek op ideeën; -). In soad wille!