It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Sjoerd de Jong Miedema oan bar!
Sjoerd, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik spylje de oannimmer (Miedema), dy’t de toer makket.
Wat fynst it leukste oan dyn rol?
Dat ik de makette fan de toer meitsje mei en reedlik mysels bliuwe kin. Dat komt troch de jierrenlange ûnderfining as oannimmer yn ús prachtige doarp.
Fûgels om ‘e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
Dat it yn dizze tiid ôfspilet en dus oer aktuele problemen giet. Tink oan krimpdoarpen, miljeu problemen en húsfêsting foar starters.
De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
Der wenje allinnich mar minsken mei fûgeltsjes nammen.
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Kom mar sjen…