It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Pieter Engelsma oan bar!
Pieter, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik bin pake Kraai, dy’t al wat âlder en wat minder wurdt en eins opnommen wurde moat yn in fersoargingshûs (fynt syn dochter)
Wat fynst it leukste oan dyn rol?
Pake is in doerrak. 😉
Fûgels om ‘e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
It leukste oan dit mearke is, is dat it krekt as oare mearkes in fantasy is, mar dan oer in aktueel tema.
Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke?
It binnen allegear leuke sinnen om te sizzen
De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
Omdat der bisûndere fûgels wenje
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Net stinne der hinne!