It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Jeroen van der Meer oan bar!

Jeroen, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik spylje de rol fan Protr. Protr is in miljeu aktivist mei in eigen grientetún. Hy makket him graach hurd foar de wrâld en is in echte natuerleafhawwer.

Wat fynst it leukste oan dyn rol?
Dizze rol is hiel oars as alle oare rollen dy’t ik ea spile haw. Sa hoopje ik dat ik ek in oare kant fan myn aktearkeunsten sjen litte kin. Alle emoasjes komme foarby en dit makket it écht in útdaagjende rol foar my.

Fûgels om’e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
It is hiel oars as eardere mearkes. Foarhinne spilen wy faaks bekendere mearkes, Lykas foarich jier Matilde. Dit mearke is foar eltsenien nij. Weltse sin fynst it moaist om te sizzen yn it mearke?
“Uuuuh, neffens my is it net jimme, mar wy, jimme binne hjir ek. En jimme kinne ek dwersbongelje.” Dizze sin is gewoan hearlik om te sizzen. Te mear om’t der yn dizze sêne allegear emoasjes troch de seal gean. Mear kin ik der nog net oer sizze.

😉

De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
Wy dogge in soad dingen yn de strjitte, it draait benammen om de mienskip yn ús strjitte. Mar goed, je kinne fansels net mei elkenien goed oerwei. En tsjah, dan barre der ek wolris dingen dy’tst werkenne silst út it echte libben.

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Hjir wolst by wêze! Dit prachtige ûnderdiel fan de Sint Pitertradysje is echt de muoite wurdich en wolst net misse.