It sintrum fan Grou krijt der yn febrewaris in nije strjitte by. Te witten: de Fûgeltsjedwersstrjitte. De bewenners? Dat binne in stel bysûndere fûgels. Wy stelle se graach ien foar ien oan jimme foar oan de hân fan in oantal fragen. Dit kear is Javi Perez Boonstra oan bar!

Javi, hokker rol / fûgel spilest yn it mearke?
Ik spylje de rol fan Ûltsje. Ûltsje is in oertsjûgjende spontane jonge dy’t hiel selsfersekere is, altyd tinkt dat it allegear wol goed komt en dat it wol oke is.

Wat fynst it leukste oan dyn rol?
De rol sels en it gearwurkjen mei de oare spilers yn it mearke fyn ik hartstikke leuk. Ik fernim echt dat it hieltyd better giet mei repetearjen as ik alle tekst út’e holle leart ha en it publyk wit te ferassen.

Fûgels om’e toer is in nij mearke, wat is der sa moai oan dit mearke?
Er gebeurt van alles in dit mearke. Er is muziek, een lach en een traan. Er is chaos en we leven natuurlijk allemaal in een krimpdorp. Welke zin vind je het leukst om te zeggen tijdens het mearke?
“Wy binne hyl sterk, wy falle noait om”. Deze tekst past precies bij de rol van Ûltsje: zelfverzekerd met een positieve boodschap.

De Fûgeltsjedwersstrjitte is in hiele bysûndere buert, kinsto útlizze wat der sa bysûnder oan dizze buert is?
Elkenien ken inoar. Der is fan alles te belibjen: pake is soms ‘ it paad bjuster’en dan sykje wy him wer op. En ast dan bûten bist komst allegear ferskillende fûgels tsjin. 😉

Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Gean lekker sitten, sjoch mei de eagen iepen en genietsje fan it Sint Pitermearke. En wa wit komst ek yn ús doarp wenjen, sa wurdt it gjin krimpdoarp mear!