No ‘t de sinne sa lekker skynt liket it ôfrûne Sint Piterseizoen al fier efter ús. Mar dochs fine wy it leuk om noch efkes wat ‘ highlights ‘ mei jim te dielen. Dus, by dizze:

Wisten jim dat?

  • Wy dit seizoen yn totaal 14 eveneminten organisearre hawwe? Nij dit jier wie it Sint Piterkafee op de snein nei de oankomst.
  • Under de oankomst de bern wer ‘oan it tou’ koene? Der stie sels in tribune foar har klear op de Kade sadat sy alles goed sjen koene.
  • It mearke Matilde én de Sint Piterbingo folslein útferkocht wiene?
  • It nije plak fan de Sint Piterbeurs romte bea oan in ekstra grutte en gesellige teetún?
  • Der nije items taheakke binne oan ús pop-up Sint Pitersjop yn de Regiobank?
  • Al it printwurk én ús Sint Piterlogo in opfrisbeurt krigen hawwe?
  • We hast 33.000 besikers op ús webside hân hawwe?
  • 12.000 hjirfan wiene unike besikers. Mei ûngefear 6000 ynwenners yn Grou wurdt ús site dus ek in soad besjoen troch minsken dy’t bûten Grou wenje.
  • Der yn totaal 41 nijsberjochten publisearre binne, de toppers wiene fansels de Oankomst en it Sint Pitersjoernaal. Mar ek de ‘wie is wie-woansdei’ wêryn ’t we de spilers fan it mearke oan jim foarstelden skoarden goed.
  • De folsleine webside ek yn it Frysk te lêzen is?
  • Der ek in bernepagina is? Hjir steane ferskate kleurplaten, spultsjes en it échte pipernuten resept op.
  • We op Facebook, Instagram en X yn totaal hast 3100 folgers hawwe?

Koartsein: we sjogge mei in hiel soad wille en grutsk gefoel werom op in prachtich seizoen! Mei in grutte groep frijwilligers is der hurd wurke om dit foar alle Grousters en âld-Grousters mooglik te meitsjen.

De organisaasje en koördinaasje is yn hannen fan it DB, it Deistich Bestjoer. Se steane op de foto hjirboppe. Boppe-oan (fan links nei rjochts ): Leida Hemstra, Peter van den Broek en Janneke Terpstra-Wolters. Under (fan links nei rjochts ): Rixt Dijkema, Niels Andela, Romke de Jong, Sabina Rietveld, Wendy Hoogeboom-Leenstra, Nine Sikkema en Glenn Barends. Yn de provinsjale ‘ Fryslân ferbynt dei ’ traktearje wy ús fanatike frijwilligers op in boattocht mei De Grutte Grize. Dêrmei wolle wy se betankje foar al har entûsjasme en ynset!

En … stikem wurde de plannen foar it nije seizoen alwer smeid! 😉