Op sneon 11 maart wie it safier! Sint Piter en Aldemar wienen te sjen yn it tv programma ‘Petrus in het land’ op NPO 2
It programma fertelt: “Wy binne yn de Sint Pitertsjerke yn Grou. Dûmny Marije Hage fertelt wat it belang is fan jaan en lit sjen hoe ‘t sy dit docht. Dêrneist jouwe gemeenteleden antwurd op ‘e fraach: ‘Wa kin op dy leune?’, wat oerien komt mei it tema fan The Passion. We sille op besite by Sint Piter. Alle jierren fiert Grou yn febrewaris it Sint Piterfeest en yn dizze perioade ‘ferbliuwt’ Sint Piter yn de konsistoarje fan de Sint Pitertsjerke. Bern komme by him en Aldemar op besite om fragen te stellen en tekeningen te jaan. Ek folgje we Joke Feijen, dy ‘t kadootsjes sammelet en útdielt oan bern fan gesinnen dy ‘t it net breed hawwe.”
It programma weromsjen? Dat kin hjir!