Freedtemoarn waarden Peter van der Broek en Wendy Hoogeboom-Leenstra live op Radio 1 ynterviewd yn it programma Spraakmakers. By dit programma sit alle dagen in gast oan tafel by presintatrise Chislaine Plag. Dit kear wie Karin Sitalsing oanwêzich. Se stjoerde in ferslachjouwer op paad mei de fraach: is it net lestich foar de bern yn Grou dat se no oeral Sinteklaas tsjinkomme mar dat er net yn Grou komt? En hoe losse de âlden yn Grou dit op?
Us antwurd? Beharkje it hiele fragmint hjir: Het Uitzendbureau: hoe vieren ze in het land van Sint Piter Sinterklaas?