Wylst de measte minsken mei dizze teperatueren noch net oan Sint Piter tinke, hat ús regisseur Wybe Koldyk de wyn derûnder. De lêskommisje en Wybe binne derút en de spilersploech is kompleet…. Yn febrewaris 2024 sil it Sint Pitermearke de foarstelling “Matilde” spylje. It mearke is in frije bewurking nei it wol bekende boek fan Roald Dahl.

Matilde

Matilde is in gefoelich, briljant famke. Se kin hiel goed leare. As se oardel jier is kin se al prate as in folwoeksene. Mei trije jier kin se al lêze en foardat se fiif jier is, lêst se al boeken fan wrâldferneamde skriuwers….. Mar har âlders begripe neat fan Matilde en binne har leaver kwyt as ryk. Wêrom sjocht se net nei de telefyzje lykas har broer? Se fine Matilde brutaal as se moeilike fragen beantwurdet…..en wêrom wol se sa graach nei skoalle?

Matilde wurdt bytiden poerlilk fan al dat ûnbegryp en fernimt dan dat se in bysûndere krêft hat. In krêft dy’t nimmen oars hat! As Matilde op skoalle sit komt dy krêft har goed fan pas as de grouwélige juf Bulstronk har oanpakke wol. Se betinkt hiele snoade straffen om juf Bulstronk, mar ek har âlders ris goed te plak te setten…..