Tradysjegetrou stelle wy grutsk ús Mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is suster Klivia oan bar. Dizze fantastyske rol wurdt spile troch Hennie de Boer.
Hennie spile foar it earst yn 1993 yn it Sint Pitermearke. Sûnt dy tiid hat se ferskate rollen hân, meastal lytse. De spannendste rol dy’t se spylje mocht wie yn it Sint Pitermearke ‘Heksen’. Yn dit mearke spilet se suster Klyvia. Se runt in soarte fan tehûs dêr’t ferskillende minsken wenje mei alderhanne eigenaardichheden. 😉
“It leukste oan dizze rol is dat suster Klyvia hiel bekend is fan eartiids. En dat se faak troch har sjacheryniche buorman lestich fallen wurdt. It is in hiel leuk mearke om hinne te gean, hiel grappich en ek noch in bytsje spannend.” Har leukste sin om sizzen yn it mearke?”In fûgeltsje dat skyt en noch gjin kont hat.’’.
Mis it net! Kaarten binne fanôf freed 23 jannewaris 20:00 uur te keap fia www.sintpiter.nl/tickets.