Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is Arjen Andringa oan bar!
Arjen, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik haw in dûbelrol, ik spylje Fens, dit is de man dy ‘t yn ‘e biblioteek wurket. En ik spylje Erik, ien fan de skoalbern.
Hoelang aktearrest al?
Dit wurdt myn tredde Sint Pitermearke wêr ik yn mei spylje mei.
Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
It mei elkoar spylje en op de planken stean en in leuke foarstelling delsette.
Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
“Au! Au! Net yn it swithok”. En ûndertusken wurd ik wer oan ‘e earen lutsen troch Bulstronk.
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Dat eltsenien mar wer in moai Sint Piterfeest belibje mei!!