Tradysjegetrou stelle wy mei grutsk ús Mearke spilers oan jimme foar. Foariche kear fertelde Fons oer syn rol as pake yn it stik. No is syn pakesizzer Gerrit oan bar.
Foar Hidde Oosterhof is it de earste kear dat er yn it Sint Pitermearke spilet. En fuortendaliks hat er de leuke rol fan ynbrekker Gerrit te pakken. ‘Gerrit is ynbrekker, dat hat er leard fan syn pake. Mar… hy besiket syn libben te betterjen.’ De ôfwikseling fan toanielspyljen en sjongen is wat Hidde it leukste oan syn rol fynt. Én Gerrit makket fan alles mei!
It leukste oan dit Sint Pitermearke neffens Hidde: ‘ De ferskes dy’st meisjonge kinst en dy’tst net mear út’e holle krijst. Ek de ferskillende personaazjes en harren unike trekjes meitsje it in grappich en nijsgjirrich stik’. Syn leukste sin? ‘Ik pak wat ik pak, ik pik alles yn, oan! Pak alles oan. ‘
Hasto noch gjin kaarten foar it mearke Ja suster, nee suster? Wachtsje dan net te lang. We binne nammentlik al hast útferkocht. Der binne noch in pear kaarten beskikber foar woansdeitemiddei 18 febrewaris en tongersdeitejûn 19 febrewaris. De oare foarstellingen binne al útferkocht.