GROU – Wybe Koldyk is de nije regisseur fan it Sint Pitermearke. Hy stelt him hjirby foar:
“Ha goeie! Myn namme is Wybe Koldyk en ik mei kommende winter it Sint Pitermearke regisseare!
Berne yn 1954 yn in wenarke oan de Marswei te Grou. Letter wenne ús húshâlding oan de Troelstrawei, tsjinoer de yngong fan it sportjild, yn dat wite hûs.
Myn earste toanielerfaring wie op de Hjerre Gjerrit Skoalle, bij master Durk Wiersma en fansels siet ik as Grouster skoaljonge elts jier yn febrewaris te sjen nei it Sint Pitermearke yn Hotel Oostergoo. Útfanhûs bij pake en beppe yn Jorwert wie ik faak yn de notaristún, by de rippetysjes fan it iepenloftspul, ik fûn dat prachtich, letter ha ik dêr faak meispile.
Toanielspylje ha ik myn hiele libben al dien, earst as amateur, letter is it myn berop wurden as akteur yn ûnder oaren beropstrainingen en regisseur fan amateur selskippen. En no dus regisseur fan it Sint Pitermearke, bin ik werom wêr’t it begûn. Ik ha der sin oan en hoopje dat we in hiel leuk mearke fine om te spyljen. En dat dogge je fansels mei in ploech Grousters dy’t der nocht oan ha om de tradysje fan it Sint Pitermearke troch te setten!
Oant sjen!”.