Alle woansdeis stelle wy oan ‘e hân fan in tal fragen ien fan ús mearke spilers oan jimme foar. Dit kear is direktrise juffrou Bulstronk oan bar! Se wurdt spile troch Hilda Dijkema!
Hilda, hokker rol spilest yn it mearke?
Ik spylje direktrise juffrou Bulstronk. Hja is tsjin elkenien ûnaardich en is altyd segrinich, de bern hawwe in ôfgryslike hekel oan har en hawwe sels in Aktiegroep Anti Bulstronk (AAB) organisearre.
Hoelang aktearrest al?
Om 1995 hinne bin ik by Krite toaniel Grou begûn. Dêr ha ik in pear jier meispile. Sûnt 2015 haw ik trije kear yn in mearke spile: Winterkeninginne (2015), Heksen (2017), Lân fan neat (2018). En yn 2019 haw ik yn Eurohotel keamer 719 spile, ek ûnder rezjy fan Wybe Koldijk en no yn Matilde.
Wat fynst it leukste oan dyn rol yn Matilde?
It is bêst wol aardich om ien kear in ûnaardich, segrinich persoan te spyljen. Ik mei fan alles sizze watst normaal yn it deistich libben net dochst.
Hokker sin fynst it leukst om te sizzen ûnder it mearke en wêrom?
“Ja do dêr mei dy fize gore flecht, liekest wol in rioelrat, mei dy fize sturt.” Grappige ferliking dochs? Flecht wat op in rioelrôt liket…? ” Dat kin allinnich Bulstronk betinke en sizze!
Ta beslút: wolst noch wat sizze tsjin alle Sint Piterfans?
Matilde is in mearke mei in soad humor, en it wurdt troch in hiele entûsjaste groep spile. Dussss net stinne, mar der hinne!!