Oan de hân fan in tal fragen leare we de skriuwers en yllustratoaren fan It grutte Sint Piter ferhaleboek better kennen. Diskear is Elizabeth Vogelzang oan bar:
Elizabeth, hoelang skriuwst al (berne)ferhalen?
Foar myn wurk as sjoernalist fan de Leeuwarder Courant skriuw ik alle dagen, mar it meitsjen fan in berneferhaal is folslein nij foar my. Nijs, eftergrûn, ynterview, reportaazje. Oant no ta floeide mar non-fiksje út myn pinne. Sjoernalistike artikels oer aktualiteit. Mei in ferhaal foar it Sint Piterboek meitsje ik myn debút yn de fiksje. Lekker hear, de werklikheid in kear links lizze litte en puer myn ferbylding sprekke litte.
Wat is dyn bân mei it Sint Piterfeest?
Sint Piter ken ik fan de Grousters út myn freone – en kunderûnte en út de ferhalen út de krante. Sels ha ik it feest noch nea fierd. Doe ‘t ik frege waard oft ik in ferhaal skriuwe woe, hoegde ik net lang nei te tinken. It Sint Piterfeest is in unike en folslein eigen tradysje fan Grou, it doarp fiert it mei ferve en hâldt it grutsk’ yn eare. Dat ik dêroan meiwurkje mei fyn ik foaral hiel leuk!
Hoe hjit it ferhaal datst skreaun en yllustrearre hast?
It Hynder fan Sint Piter. Alde Tsjebbe, it hynder fan Sint Piter is mei pensjoen. Dit jier is it de beurt oan Janika om de bernefreon foar it earst te helpen as hy yn Grou is. It jonge hynder is folop yn training om op tiid fit te wêzen en besiket allegearre handige trúkjes te learen fan har freonen út de stâl. Sierd Spin, helpt har om hiel hurd omheech te kladzjen. Foekje Mûs is in master yn ferstopjen en Swetse Sweltsje fljocht as in spear fan it iene plak nei it oare. Mar sweve? Jesels fuorttoverje? En klimme? Kin Janika dat eins wol allegearre?
Hokker sin fynst it leukst yn dyn ferhaal?
‘Hynder Janika komt oerein, snúft ris en skrabet mei har hoef oer de stâlflier. “Dit kin net”, seit se yn harsels. Se nimt in oarnrin, stap, draaf, galop… en komt los fan de flier.’
De earste alinea fan it ferhaal: It hynder fan Sint Piter
Op ’e betide moarn, doe’t de hoanne sa lûd kraaid hie dat hy der suver wat fan bekomme moast en de kij ien foar ien út de stâl wei it dizige lân yn skarrelen, klonk in frjemd ratteljen en stinnen út de skuorre. ‘Oeffff, ohhhh, aaarchhh, au, pfffff.’ Hynder Janika stiet te pûsten en te suchtsjen en hat de moannen wiet fan it swit op ’e holle hingjen. ‘No dan noch mar in kear’, praat se harsels moed yn, wylst se har foarfuotten heech oplûkt en tagelyk op har efterskonken hipt. ‘Tsien, njoggen, acht, sân, seis,..’ ‘Wat in drokte’, klinkt in kreakjende stim út in tsjuster hoekje heech tusken de hoannebalken. Dêr sit Sierd Spin mei de poaten oer elkoar noflik ûnderútsakke yn syn glinsterjende web.
Ta beslút, wolst ús Sint Piterfans noch wat meijaan?
Jimme ha in prachtige tradysje mei jimme eigen feest. Koesterje dat!