Ofrûne wike hat Aldemar út namme fan it Pleatslik Belang Grou en Doarpskoöperaasje Grou alle bern fan Grou in brief stjoerd. Yn de brief fertelde er hoe wichtich planten foar ús binne. Se jouwe soerstof om te azemjen, iten om te iten en in prachtige omjouwing om yn te boartsjen. Mar soms ferjitte wy hoefolle soarch en leafde planten nedich hawwe om te groeien. Aldemar frege alle bern om goed foar planten te soargjen.
Grou Bloeit
De bern meie meihelpe mei it projekt ‘Grou Bloeit’. By dit projekt besiket it Pleatslik Belang Grou en Doarpskoöperaasje Grou de Grousters te ynspirearjen om duorsum dwaande te wêzen. By Bloembinderij Andreanum stiet in spesjale plant. De bern meie foar de plant in moaie namme betinke en kinne oanjaan oft se in wike op dizze plant passe wolle by in útfanhuzerij. In útfanhuzerij mei in echt freoneboekje!
Wolsto de plant in namme jaan of traktearje op in útfanhuzerspartijtsje? Kom dan úterlik sneon 18 novimber in besite oan de plant bringe by Bloembinderij Andreanum en lit in briefke efter yn de ideeëbus.