Sint Piterbeurs
31 January 2025 • 09:30 - 17:00
In tradysje dy ‘t al hast 70 jier bestiet.
En dit jier yn in nagelnije lokaasje nammentlik by Herberg Oer ‘t Hout! It belooft as fan âlds in gesellige dei foar jong en âld te wurden. Der is wer fan alles te dwaan: Foar de bern is der in echt spulsirkwy (altyd priis ), kinst in geve glitter tattoo krije of in hip kleure fearke yn dyn hier sette litte.
De bakkerstafel en ferkeaptafel binne fansels wer fan ‘e partij. Neist alle kreative dingen dy ‘t jo fan ús wend binne, binne der dit jier ek wer unike Sint Piterartikels te keap. Wês der dus fluch by, op = op!
Mar ferjit ek it draaiend rêd net, hjir kinst foar in lyts bedrach de moaiste prizen winne. Gean der mar lekker foar sitten yn ús `teetún‘ en bestel in hearlik stik eigenmakke cake mei in lekker bakje kofje of tee.
Iepeningstiden fan de Sint Piterbeurs binne fan 09.30 – 12:00 oere en fan 13:30 – 17:30 oere!
Opbringst beurs
De opbringst fan de beurs is wichtich foar it hiele Sint Piterfeest. Kom dêrom allegear!