Loading Events

Op freed 2 febrewaris kinst tusken 15:00 en 16:30 oere de skoech sette by Aldemar. Hy hat in moai plakje op de Sint Piterbeurs krigen dêr ‘t de bern him gesellich opsykje kinne.

Us Grouster ûndernimmers helpe Aldemar mei alle ynlevere skuontsjes. Nei de oankomst fan Sint Piter kinne de skuontsjes, mei miskien wol in pakje derby, jim wer werom fine yn ‘e etalages fan de ûndernimmers yn Grou.

Dus sykje dyn skoech, lears of klompke op en bring him nei Aldemar op de Sint Piterbeurs yn Herberg Oer ‘t Hout. Graach mei de namme fan jimme soan/dochter en it tillefoannûmer fan in folwoeksene op in briefke deroan fêst meitsje. De Opsetaksje is foar bern yn groep 1 o/m 5.